Trainee Projektleider Gebiedsontwikkeling

Bisto krekt klear mei dyn stúdzje en wolst daliks it ferskil meitsje, mar hast noch nea tocht oan in baan by in provinsje? Lês dan fierder, want dit is dyn kâns!

Wat dochst as trainee projektlieder gebietsûntwikkeling?
Selsstannich projekten liede, resultaten helje en suksessen fiere mei kollega’s. Wolst direkt ferantwurdlikheid pakke yn grutte projekten? Us trainees gebietsûntwikkeling wurkje oan ferskate projekten lykas it Feangreideprogramma 21-30 en ‘Kânsen yn Kearnen’. Do krigest ferantwurdlikheid om by te dragen oan de CO2 fermindering yn it Feangreidegebiet of wurkest oan it op ‘en nij ynrjochtsjen fan in nije provinsjale dyk troch seis Fryske doarpen.
As trainee projektlieder gebietsûntwikkeling wurkest twa jier oan ferskate gebietsrjochte projekten. Do learst dyn ferantwurdlikheid te nimmen foar it berikken fan de projektresultaten. Do bist in echte ferbiner dy’t partijen byinoar bringe kin en belangen wit ôf te wagen. Ek bisto in sparringpartner foar de opdrachtjouwer en it projekt. It binne projekten dy’t faak meardere jierren duorje. Mear ynfo oer it traineeship fynst op www.fryslan.frl/trainees.

Meer info: klik op de sollicitatieknop