Officemanager projektburo Streekwurk Zuidwest Fryslân

Binnen Streekwurk werken wij aan het leef geluk in de streek, door gebiedsgerichte projecten en initiatieven te ondersteunen en te vergroten. Dit realiseren we door mee te denken, mogelijk te maken en de juiste mensen en organisaties te verbinden aan een project. Zo krijgen we ideeën van de mienskip sneller van de grond en dragen we bij aan de ontwikkeling van de streek. Ons doel is samen werken aan een streek waar het leeft, waar het bruist. Waar het goed wonen, werken en recreëren is.

Om’t de hjoeddeistige officemanager regio Zuidwest Fryslân mei pensjoen giet is der by tiim Streekwurk dat yn Snits fêstige is, in funksje foar officemanager fakant.

Do funksjonearrest as in alsidich meiwurker op it projektburo. De ôfdieling Streekwurk is foar in part op it provinsjehûs en foar in part yn de 5 regio’s, wêrûnder SúsWest Fryslân, húsfeste. De organisaasje fan in projektburo bestiet neist dy út in gebietskoördinator en in projektadviseur. It tiim Streekwurk hat meiïnoar in fiiftal projektburo’s en in sintrale ienheid dy’t op it Provinsjehûs wurket.
Do bist it earste oansprek- en ynformaasjepunt foar minsken dy’t kontakt mei it projektburo opnimme. Do soargest derfoar dat fragen by de goede persoan telâne komme en hannelest dy, as dat mooglik is, sels ôf. Do makkest de jierplanning foar de gearkomsten fan in stjoergroep Gebietsaginda Súdwesthoeke en it advystiim Iepen Mienskipfûns.
Do riedst de gearkomsten tegearre mei dyn kollega’s yn de regio ta en soargest foar in heldere ferslachjouwing en stelst nei oanlieding fan dy gearkomste it konsept parseberjocht op.
Njonken it stypjen fan dizze regionale oerlizzen joust do stype oan it gearwurkingsferbân Greidhoeke Plus en oare regionale gearwurkingsferbannen. Do fierst gegevens yn foar it automatisearre projektregistraasjesysteem fan de ôfdieling. Do ferrjochtest stypjende aktiviteiten op it mêd fan publisiteit en kommunikaasje fan it projektburo. Do leverest gegevens oan foar de jierferslaggen dy’t yn de gearwurking makke wurde.
Do argivearrest de dokumintestream dy’t ferbân hâldt mei it wurk op it buro. Ek behearst de lytse kas fan it projektburo.

Do wurkest op ien fan de fiif projektburo’s fan de ôfdieling Streekwurk. Dit buro is yn Snits fêstige.

Meer informatie over de vacature: klik op de sollicitatielink