Provincie Fryslân

Algemeen

De provincie ondersteunt de Friese samenleving van gemeenten, bedrijven, organisaties en bijna 645.000 inwoners op een groot aantal gebieden zoals land, lucht, water, wegen, cultuur, economie, milieu en toerisme. Gedeputeerde Staten en Provinciale Staten vormen met de Commissaris van de Koningin het bestuur van de provincie.

De organisatie werkt met ruim 900 medewerkers aan ambitieuze beleidsplannen en concrete uitvoeringsprojecten en is verdeeld in vier sectoren, waarvan drie op het gebied van beleid en beleidsuitvoering en één op het gebied van bedrijfsvoering.

Wij zijn volop in beweging en onderweg om een organisatie te worden waarbij effectiviteit, dienstverlening en kwaliteit voorop staan. Een overheidsorganisatie met inspirerende leidinggevenden, medewerkers die in staat zijn in een dynamische omgeving te werken en bedrijfsprocessen die zo efficiënt mogelijk georganiseerd zijn. Om flexibel te kunnen opereren werkt een groot deel van de organisatie in een innovatieve kantooromgeving, die zal de komende jaren nog meer uitgebouwd worden. Kortom: een werkgever met ambities!

Arbeidsvoorwaarden:

Als organisatie willen wij medewerkers de ruimte geven om hun talenten in te zetten om te groeien naar een schitterende organisatie. Een schitterende organisatie waarin creatieve ideeën leiden tot het verstevigen van de rol van de provincie in haar omgeving. De provincie wil dat medewerkers vanuit hun talenten inspelen op complexe vragen vanuit de maatschappij en hiervoor oplossingen creëren met de omgeving. Het personeelsbeleid is erop gericht medewerkers te inspireren en kansen te bieden zich te ontwikkelen in hun vakkennis en competenties

Algemiene tekst

De provinsje stipet de Fryske maatskippij fan gemeenten, bedriuwen, organisaasjes en hast 645.000 ynwenners op in grut tal mêden lykas lân, loft, wetter, diken, kultuer, ekonomy, miljeu en toerisme. Deputearre Steaten foarmje mei de kommissaris fan de Keninginne it bestjoer fan de provinsje.

De organisaasje wurket mei goed 900 meiwurkers oan ambisjeuze beliedsplannen en konkrete útfieringsprojekten en bestiet út fjouwer sektoaren. Trije dêrfan hâlde harren dwaande mei belied en it útfieren dêrfan, ien mei bedriuwsfiering.

Wy binne tige yn beweging en dwaande om in organisaasje te wurden dêr’t effektiviteit, tsjinstferliening en kwaliteit in foaroanplak hawwe. In oerheidsorganisaasje mei besieljende liedingjaanden, meiwurkers dy’t by steat binne om yn in dynamysk fermidden te wurkjen en mei bedriuwsprosessen dy’t sa doelmjittich mooglik organisearre binne. Om fleksibel funksjonearje te kinnen wurket in grut part fan ús organisaasje yn in ynnovatyf wurkfermidden. Dat sil de kommende jierren allinnich noch mar mear wurde. Koartsein, in wurkjouwer mei ambysjes!

Arbeidsbetingsten:

As organisaasje wolle wy meiwurkers de romte jaan om harren talinten yn te setten om nei in skitterjende organisaasje ta te groeien. In skitterjende organisaasje dêr’t kreative ideeën liede ta it fuortsterkjen fan de rol fan de provinsje yn ‘e maatskippij. De provinsje wol dat meiwurkers op grûn fan harren talinten ynheakje op komplekse fragen út ‘e maatskippij wei en dêr yn ‘e mande mei oare partijen oplossings foar fine. It personielsbelied is bedoeld om meiwurkers te besieljen en kânsen te bieden om harren yn harren fakkennis en kompetinsjes te ûntjaan.