In het kort
As besiele Underwiisadviseur Frysk en Meartaligens setsto dy yn foar it primêr ûnderwiis Frysk
yn ’e meartalige kontekst fan Fryslân en de ambysje dat de skoallen yn Fryslân yn 2030 in folslein oanbod foar it Frysk biede (Taalplan 2030). Mei dyn fakynhâldlike kennis begeliedsto de basisskoallen om it Frysk en de meartaligens yn it ûnderwiis ta te passen. Troch dyn saakkundigens, positive enerzjy, humor en nijsgjirrigens witsto learkrêften en skoallen posityf te ferrassen.
Foar ús team Frysk en Meartaligens sykje wy op koarte termyn in entûsjaste, ambisjeuze en trochtaastende
Underwiisadviseur Frysk en meartaligens (pû)
foar minimaal 3 dagen yn ’e wike
Wat silst dwaan:
De adviseurs fan team Frysk en Meartaligens fan Cedin begeliede skoallen by it foarmjaan en ymplemintearjen fan in oanbod Frysk yn ’e meartalige kontekst fan Fryslân. Yn ’e mande mei de skoallen ûndersykje wy op hokker wize hja Frysk en meartaligens op ’e eigen skoalle stal jaan wolle en stypje wy harren by de ymplemintaasje en boarging fan ’e keazen rûte. It úteinlike doel is dat elke skoalle, yn it Fryske taalgebiet, yn 2030 in folslein oanbod foar Frysk realisearre hat. Binnen Taalplan Frysk wurdt der gearwurke mei in tal fan partnerorganisaasjes.
De adviseurs fersoargje skoalling, sa as Klasse Frysk en Boartsje dy Taalryk en organisearje ek kulturele eveneminten foar it Frysk, lykas SjONG junior, in sjongwedstriid foar learlingen fan ’e basisskoalle en FeRstival, in foardrachtswedstriid mei Frysktalige poëzy foar it fû.
De adviseurs wurkje dêrneist oan de redaksje fan ’e tydskriften Tsjil en LinKk, dêr’t se foar in part sels teksten foar skriuwe. Wy begeliede ek de trijetalige skoallen (3TS). Op dizze skoallen wurde de trije ferplichte skoaltalen, Nederlânsk, Frysk en Ingelsk, safolle mooglik lykweardich neist inoar brûkt, op sa ‘n wize dat bern yn in rike taalomjouwing tige betûft reitsje yn it learen en brûken fan meardere talen.
Wat nimst mei?
Do bist, of wolst dy ûntwikkelje ta, adviseur dy’t learkrêften yn it primer ûnderwiis op in ynspirearjende en doelrjochte wize begeliede kin by it oanbieden fan in folslein oanbod foar Frysk. Dêrneist wolst dyn talinten graach ynsette foar it fersoargjen fan skoalling, it ûntwikkeljen fan lesmateriaal en it organisearjen fan eveneminten.
Fansels hast in deeglike fakoplieding en wurkûnderfining op it mêd fan Frysk en meartaligens, leafst as (ûnderwiis)adviseur. Do fynst it in útdaging om te wurkjen yn in merk-, servicerjochte en dynamyske organisaasje, dy ’t him rjochtet op it primêr en fuortset ûnderwiis. Dizze doelgroep sprekt dy oan. Lykas wy leist de latte heech en giest foar it bêste resultaat. Do wurkest transparant en benutst kânsen om te learen en dy fierder te ûntwikkeljen. Do bist advysfeardich en by steat om minsken yn beweging te bringen.
Wy sykje dy asto:
- in teamspiler bist;
- in akademysk tink- en wurknivo hast;
- leafst in ôfrûne akademyske oplieding ûnderwiiskunde of Frysk hast;
- romme ûnderfining hast mei Frysk en meartaligens yn it (primêr) ûnderwiis, ûnderfining as adviseur is in pré;
- de Fryske taal hiel goed behearskest, sawol mûnling as skriftlik;
- op ’e hichte bist fan aktuele wittenskiplike ûnderwiiskundige ûntjouwingen en op it mêd fan ûnderwiis yn/oer de Fryske taal en kultuer;
- nocht hast en wille belibbest oan it begelieden fan skoallen by feroarprosessen en it jaan fan trainingen oan skoalteams;
- feardich bist yn it organisearjen fan eveneminten;
- goed planne kinst
- digitaal feardich bist, ûnder oare yn sosjale media, online petearen en opliedingssituaasjes;
- yn it besit bist fan in jildich rydbewiis en in auto.
Dit hawwe wy dy te bieden:
- in dynamyske wurkomjouwing dy’t folop yn beweging en ûntjouwing is
- in kontrakt foar earst in jier dat wy by goed funksjonearjen omsette nei in kontrakt foar ûnbepaalde tiid;
- it oantal oeren is minimaal 21,6 oeren; de krekte omfang bepale wy yn oerlis mei-inoar;
- it salaris is, ôfhinklik fan wurkûnderfining en kunde, tusken €3816,- en €5725,- bruto (of smoarch) yn ’e moanne op basis fan in folsleine wurkwike fan 36 oeren;
- in soad selsstannichheid en frijheid yn ’e wurkútfiering, wêrby‘tst bygelyks ek foar in part fan hûs út wurkje kinst;
- ynspirearjende learomjouwing mei ûntwikkelmooglikheden troch ynnovaasje, kollegiale kundedieling, opliedingen, trainingen fia GoodHabitz en it ynterne learlânskip fan Cedin;
- resultaatdieling en 8% fakânsjejild;
- 25 fakânsjedagen yn it jier by in fulltime tsjinstferbân (gewoanwei wurkest ekstra oeren, dêrtroch kinst yn de skoalfakânsjes frij wêze);
- Cedin draacht 70% by oan dyn pensjoenopbou by pensjoenfûns PFZW;
- laptop en in mobile telefoan;
- fergoeding foar de reis- en parkearkosten, thúswurkjen en wurkplakynrjochting;
- in passend ynwurkprogramma.
Do komst te wurkjen yn in hecht team mei besiele en motivearre kollega’s, dy’t dy der graach by ha wolle;
Bisto entûsjast en wolst sollisitearje?
Bist entûsjast en wolst mei ús yn petear? We krije dyn motivaasje it leafst yn in koart filmke. Wolst dat leaver net? Dan kinst dyn motivaasje ek yn tekst tastjoere. Sollisitearje fuortendaliks fia ús buttons op dizze side of mail dyn motivaasje mei byhearrende CV nei Jaap Kramer, haad P&O, fia [email protected] . Wy ûntfange dyn reaksje graach foar moandei 7 april.
Ferlet fan mear ynformaasje?
Wolst earst mear ynformaasje? Nim dan kontakt op mei Bernadet de Jager, regiomanager Frysk en meartaligens, fia 06-12 74 06 38. Sy jout dy graach antwurd op dyn fragen.